
De '''Twadde Wrâldkriich''', dy't duorre fan [[1939]] oant [[1945]], wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten by belutsen wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de 2e wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen joaden, meast de [[holokaust]] neamd, troch [[Adolf Hitler]] initiearre en troch [[Heinrich Himmler|Himmler]] en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.

It haadstriidtoaniel wie Europa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. De agressors Dútslân, Itaalje en Japan foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen ûnder oaren de [[Feriene Steaten fan Amearika|Feriene Steaten]], [[Grut-Brittanje]], [[Kanada]] en [[Austraalje]]. Sy foarmen in bûnsgenoatskip, koartwei de [[Alliearden]] neamd, stipe troch de measte besette gebieten.

Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan [[10 maaie]] [[1940]] oant [[5 maaie]] 1945.

== Jeropa ==
Twa lannen mei in [[Faksistysk]] regear, [[Dútslân]] en [[Itaalje]], stribben nei 1935 nei gebietsútwreiding. Om't de oare lannen fan Jeropa in hege priis betelje woenen foar frede slagge it Itaalje om [[Etioopje]] en [[Albaanje]], en Dútslân om [[Eastenryk]] en [[Tsjechoslowakije]] yn te nimmen. Mar doe't Dútslân [[Poalen]] binnenfoel ferklearren [[Frankryk]] en Grut-Brittanje Dútslân de oarloch.

Dútslân en Itaalje oerweldige [[Denemark]], [[Noarwegen]], [[Belgje]], [[Nederlân]], [[Luksemboarch]], [[Frankryk]], [[Jûgoslaavje]] en [[Grikelân]], en krigen [[Hongarije]], [[Bulgarije]] en [[Roemeenje]] as [[bûnsgenoaten]]. De lêste aggressor wie Ruslân dat ek Poalen binnenfoel, [[Estlân]], [[Letlân]] en [[Litouwen]] oerweldige en parten fan [[Finlân]] en Roemeenje ynnaam. [[Sweden]] en [[Switserlân]] bleaunen frij, mar joegen al stipe oan Dútslân, lykas [[Turkije]]. Dútslân en Itaalje oerweldigen ek koloanjes fan harren tsjinstanners yn Noard-Afrika.

Yn [[1941]] foel [[Dútslân]] [[Ruslân]] oan, dat dêrmei oan de kant fan Grut-Brittanje kaam. Yn [[1942]] waard dúdlik dat Dútslân Ruslân net oerweldigje koe, mar dochs ferklearre Dútslân ek de [[Feriene Steaten fan Amearika]] de oarloch, dyt dêrmei part fan de Alliearden waarden. Yn [[1943]] waarden de koloanjes yn Afrika befrijd en Itaalje oerweldige. Yn [[1944]] oerweldige Ruslân Finlân, Bulgarije en Roemeenje, en befrijde Hongarije, wylst Jûgoslaavje himsels befrijde. Turkije begûn gear te wurkjen mei de Alliearden. Troch twa ynfaasjes yn Frankryk waarden ek Frankryk en Belgje befrijd. Yn [[1945]] waarden de oare lannen befrijd en Dútslân ferslein.

== Aazje ==
Nei it iepenbrekken fan [[Japan]] yn de [[19e ieu]] ûntwikkele dat lân him yn it easten fan Aazje ta in grutmacht. Mar it moast hieltiid noch akseptearje dat de Westerske grutmachten Aazje oerhearsken. Yn [[1931]] naam Japan [[Mantsjoerije]] yn en nei fierdere Japanske aksjes kaam it yn [[1937]] ta in net-ferklearre oarloch tusken Japan en [[Sina]]. Yn [[1940]] seiden de FS harren hannelsferdrach mei Japan op, en Japan fûn nije bûngenoaten yn Dútslân en Itaalje. Yn [[1942]] hie Japan de oermacht op see, en ferdreau de Westerske machten út East- en Súdeast-Aazje.

It offensyf om ek [[Austraalje]] te oerweldigjen slagge lykwols net, en yn [[1943]] wienen it de FS dy't de oerhân op see hienen. Yn [[1944]] waard dit oerwicht folslein en waarden de eilannen yn de [[Stille Oseaan]] befrijd. Yn [[1945]] waarden de oare besette gebieten befrijd troch Japan ta oerjefte te twingen.

== Aard ==
Mei de Twadde Wrâldkriich wie de ûntwikling dy't begûn wie troch [[Napoleon]] folslein wurden. Net langer waard der besocht in leger fan de tsjinstanner út te skeakeljen; yn stee dêrfan waard besocht gebiet yn te nimmen, mei alle middels dy't nedich wienen. Gefolgen hjirfan wienen in langduorjende besetting, de oerhearsking, en it ferset, fan de oarspronklike befolkingen, en in gefjocht dat yn elts doarp, en somtiden elts hûs, útfjochten waard. Ek de ein fan de oarloch wie hjir in demonstraasje fan. De Feriene Steaten bombardearren [[Hirosjima]] en [[Nagasaki]] yn Japan, net om't de tsjinstanner dêr legere wie, mar allinnich om sa folle skea oan te rjochtsjen dat Japan kapitulearje soe.

